Beslút iisstadion yn septimber

KNSB en NOC*NSF beslute pas op 8 septimber hokker iisstadion de topsportstatus kriget. Dat is in moanne letter as pland. De provinsje Fryslân hie klage oer de eardere datum 8 augustus. Dy falt midden yn de fakânsje.
Boppedat litte KNSB en NOC*NSF de finansjele ûnderbouwing net mear troch Ernst & Young ûndersykje, mar troch in oar akkountantsburo. De inisjatyfnimmers fan Icedôme yn Almere hiene beswieren tsjin Ernst & Young. It buro soe de hûsakkountant fan NOC*NSF wêze en yn it ferline ek foar de provinsje Fryslân en Thialf wurke hawwe.
KNSB en NOC*NSF gean dus troch mei it proses om by it tawizen fan de topsportstatus te kiezen út de plannen fan Thialf op It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer. Partijen binne it lykwols net iens oer mienskiplike prosesôfspraken.