Keninklik pear op 'e Jouwer

14 jun 2013 - 11:02

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne op 'e Jouwer oankaam. Nei ûntfangst troch de boargemaster op gemeentehûs Heremastate giet it pear yn in koets troch de Midstrjitte. Dy wurdt lutsen troch Fryske hynders. Der is ek muzyk by en der binne ruters en sjeazen. Om fiif foar alven sette it pear ek alwer ôf.

Nei De Jouwer giet it keninklik pear troch nei Ealahuzen en Starum. Dêr stappe se om tolve oere op de boat nei Enkhuzen. Freedtemiddei bringe Willem-Alexander en Máxima in offisjele provinsjebesite oan Noard-Hollân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)