Gerard Joling ek by besite

14 jun 2013 - 09:58

Gerard Joling is ek yn Ljouwert by de besite fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. De populêre sjonger skriuwt op syn Twitter dat it pear rûnriden wurden yn in koets fan syn omke. En dat er dêrom spesjaal nei Fryslân kaam is. It is net bekend oft Joling ek optrede sil. Op Twitter wurdt de sjonger al wol troch ferskate Friezen útnoege om del te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)