'Net mear ôffal nei REC'

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De steatefraksje fan Friese Koers wol dat de provinsje de nije oanfraach fan in miljeufergunning foar de oven yn Harns net yn behanneling nimt. Neffens fraksjefoasitter Hiemstra leit der sûnt 2009 in konvenant. Dêr stiet yn dat der oant 2020 gjin útwreiding fan de ferbaarningskapasiteit komt en dat der oant dy tiid gjin nije ynstallaasjes boud wurde. De ôfspraak is mei ûndertekene troch de foarsitter fan de Vereniging Afvalbedrijven.
Neffens Friese Koers is de foarnommen útwreiding fan 228.000 ton ôffal nei 280.000 ton fan de Reststoffen Energie Centrale (REC) yn Harns yn striid mei it konvenant. De partij hat skriftlike fragen steld oan deputearre Sietske Poepjes.