Schuil/Nummerdor ronde fierder

14 jun 2013 - 09:40

De beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe de folgjende ronde berikt fan de World Tour yn Scheveningen. De út Ljouwert ôfkomstige Schuil en syn maat wiene yn de tredde wedstriid te sterk foar it Amerikaanske duo Todd Rogers en Ryan Doherty (21-12, 21-14). Nei twa eardere ferliespartijen wie dit de earste winst, mar it is wol genôch om troch te gean nei de tuskenronde. Dy wedstriid wurdt freed spile. It is foar it earst sûnt de Olympyske Spelen fan Londen dat Schuil en Nummerdor wer oan in wedstriid meidogge.

Trefwurden: 
beachfollybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)