Nije CAO rekreaasjesektor

13 jun 2013 - 17:26

Wurknimmers fan de rekreaasjebedriuwen hawwe in nije CAO. Fakbûnen en wurkjouwers binne it iens wurde oer in leansferheging fan 1 prosint. Dy leansferheging giet yn op 1 oktober. Fierders binne der ôfspraken makke oer in fergoeding foar it krijen fan saneamde ûnderfiningssertifikaten. Neffens de fakbûnen hawwe de ûnderhannelings dreech west, mar leit der no dochs in goed resultaat. De leden fan de fakbûnen moatte der noch wol oer te set.

Trefwurden: 
CAO
(advertinsje)