Van Harenshuus dochs ôfboud

13 jun 2013 - 17:10

Nei jierren fan stilstân sil it Van Harenshuus yn Sint Anne dochs ôfboud wurde. Dat hawwe de inisjatyfnimmers en de gemeente witte litten yn in ferklearring. Eksploitant Wassenaar fan de supermerk dy't de bou jierrenlang tsjinhâlden hat, hat de ferklearing ek ûndertekene. Al yn 2007 gie de skeppe yn de grûn foar it multyfunksjoneel sintrum. Yn it sintrum komme ûnder oare soarchapparteminten en senioarewenten.

Om't de eksploitant fan de supermerk benaud wie foar beheinings foar de supermerk waard de bou troch de rjochter al gau stillein. Nei ûnderling oerlis hawwe de partijen no dochs in oplossing fûn sadat de bou trochgean kin, mar ek de supermerk gewoan fierder mei. Yn augustus sil de bou wer oppakt wurde. Der komt in oerkape laad- en losstasjon by de supermerk. Bewenners fan it Van Harenshuus hawwe dan gjin lêst mear fan it leven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)