Parkontbijt Harns wer útsteld

13 jun 2013 - 16:32

It Harlinger Parkontbijt giet sneon net troch. Rein, krêftige wyn en 18 graden is te kâld, seit de organisator BENG-Evenementen. It waar sit it evenemint faker dwers. It moarnsbrochje yn 'e Ingelske tún is sûnt 2009 alle jierren wol in pear kear útsteld.

De nije datum is fêststeld op 29 juny. Goed 250 minsken hiene harren al oanmeld. De kaartsjes bliuwe gewoan jildich. Minsken dy't de 29e wat oars hawwe, kinne de sinten weromkrije fan de organisaasje.

It 'parkontbijt' bestiet sûnt 2010. Doe waard it ien kear útsteld en yn 2011 twa kear. Ferline jier waard it ek útsteld. De organisaasje hopet dat it dit jier by dizze iene kear bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)