Smarre foar keninklike besite

13 jun 2013 - 15:20

Op 'e Jouwer binne sawat hûndert frijwilligers tongersdei dwaande mei it smarren en klearmeitsjen fan 5000 lunsjpakketsjes. Dat dogge se net foar harsels mar foar de minsken dy't freed yn it sintrum binne yn ferbân mei de keninklike besite. De Jouwer is nammentlik ien fan de plakken dêr't Willem-Alexander en Máxima delkomme. De lunsjpaketten binne bedoeld om sjen te litten hoe aardich oft De Jouwer is.

Trefwurden: 
De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)