Anargisten stelle putdeksel

Noch gjin wike nei de pleatsing is it kroaningsputdeksel yn Sint Anne no al stellen. It deksel lei op de krusing fan de J.W. Frisostrjitte en Maria Louisestrjitte. In anargistyske aksjegroep hat it yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei meinaam. De groep wol sa demonstrearje tsjin it keningshûs. As se demonstrearje yn it iepenbier, soene ze fuortendaliks oppakt wurde, sizze de anargisten.
Op it putdeksel is in ôfbylding fan kening Willem-Alexander en prinses Beatrix te sjen. Alle gemeenten hawwe ien krige fan in putdekselfabrikant.
Jelke de Jager fan Sint Anne kaam der tongersdeitemoarn achter dat it putdeksel miste. Hy wennet yn 'e J.W. Frisostrjitte dy't krúst mei de Maria Louisestrjitte. It ideale plak foar it deksel, fanwege de keninklike nammen. De Jager fynt it 'belachelik' dat it deksel stellen is. Hy wie sels inisjatyfnimmer om it deksel yn 'e strjitte te krijen. Hy begrypt der neat fan. Op it plak fan it stellen putdeksel leit no in gewoan putdeksel.