Epke twadde op brêge

13 jan 2012 - 21:24

Epke Zonderland is yn Londen twadde wurden op it ûnderdiel brêge. De turner helle in puntetotaal fan 15.016. Dat is heech, mar Epke hie 15.133 helje moatten om foarmbehâld te toanen. Der komme lykwols noch mear kânsen om it foarmbehâld sjen te litten. Dat is nedich om meidwaan te meien oan de Olympyske Spelen, letter dit jier yn Londen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)