Aksje personiel Friesland Bank

13 jun 2013 - 12:50

Twahûndert wurknimmers fan de Friesland Bank hawwe tongersdei tusken de middei tsjin it personielsbelied fan de Rabobank protestearre. Dy bank naam Friesland Bank ferline jier oer. De 850 meiwurkers fan de Friesland Bank waard tasein dat se allegearrre in nije baan krije soenen. Mar dat rint net goed. Dêrom is tongersdei yn gearwurking mei de fakbûnen aksjefierd by it haadkantoar fan de Friesland Bank yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Friesland Bank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)