Fryske derby op 29 septimber

It KNVB hat tongersdei it konsept fan it kompetysjeprogramma nei bûten brocht. De nije kompetysje set útein op 2 augustus en wurdt ôfsletten op 3 maaie. SC Hearrenfean begjint mei in thúswedstriid tsjin AZ. Promovendus Cambuur nimt it in dei letter yn de earste kompetysjeronde op yn it eigen stadion tsjin NAC Breda. De earste edysje fan de Fryske twastriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur wurdt spile op 29 septimber.
PSV fiert op 31 augustus har 100-jubileum en hat it KNVB frege om in net al te drege tsjinstanner. It fuotbalbûn hat dat fersyk honorearre, PSV spilet yn it eigen stadion tsjin SC Cambuur.