Aksjes driigje yn de metaal

Der driigje aksjes yn de metaal- en elektroanikasektor, de saneamde metalektro. De ûnderhannelings oer in nije CAO yn de beide sektoaren binne folslein stikken rûn, nei meardere ûnderhannelingsrondes. Neffens de fakbûnen wolle de wurkjouwers de CAO op in soad punten fersoberje en dêr binne se it net mei iens. De wurkjouwers binne net yngien op de easken fan de fakbûnen en dus liket it no op aksjes út te draaien.
As de wurkjouwers net yn beweging komme, dan wurdt nije wike freed foar it earst aksje fierd.