Undúdlikheid swimbad De Kûpe

12 jun 2013 - 21:15

Der moat sa gau as mooglik dúdlikens komme oer de takomst fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Neffens de aksjegroep dy't it behear fan it swimbad oernimme wol, duorret it fierstente lang foardat der in definityf beslút leit. It kolleezje is posityf oer de plannen fan de aksjegroep, mar de gemeenteried hat der noch gjin klap op jûn. Tongersdeitejûn prate se der wol oer, mar de ferwachting is dat der ek dizze kear noch gjin beslút falle sil. Der moat noch tal fan saken regele wurde foardat de aksjegroep op 1 jannewaris it behear echt oernimme kin.

Sa moat der noch in stifting oprjochte wurde, moatte der frijwilligers socht wurde en moatte der tal fan kontrakten oersetten wurde.

Trefwurden: 
swimbad De Kûpe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)