Jirpels djoerder troch krapte

De hannel hat minder jirpels op foarried © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Fruit en griente is dizze maaitiid djoer as gefolch fan froast en minne rispingen. Ek de prizen foar jirpels binne flink heger as oars. De foarrieden fan jirpelhannelers is flink lytser wurden. Dat fernimme se ek by jirpelgruthannel Greydanus op It Hearrenfean. Om klanten dochs neffens ôfspraak jirpels te leveren, wurde der jirpels ynfierd út ferskate oare lannen, mar dy binne net goedkeap.
De ferwachting is dat de priis wer sakje sil tsjin de tiid dat yn Nederlân de jirpels fan it lân helle wurde.