Piet: nije wike waarm waar

Simmer Waar © ANP
We kinne healwei nije wike mooglik tropyske temperatueren ferwachtsje. Dat seit waarman Piet Paulusma. Neffens him feroaret de streaming. Takom wike komt de streaming tydlik út de súdeastlike oant súdlike hoeke. As de temperatueren tropysk wurde dan is de moanne juny dwaande mei in ynhelslach wat de trochsneed temperatuer oanbelanget. Dizze moanne kin dy sels waarmer wurde as ornaris.
Wol is der kâns op swiere tongerbuien. Dat is neffens waarman Paulusma gjin probleem, want oant no ta is der in delslachtekoart fan 75 milimeter.