Distribúsjesintrum Lidl iepen

Lidl iepenet woansdei har nije distribúsjesintrum op It Hearrenfean. Fanút it distribúsjesintrum wurde 80 Lidls fan guod foarsjoen. It winkelbestân moat nei ferrin fan tiid útgroeie nei 110 Lidls yn Fryslân, Grinslân, Oerisel en Drinte. Dat soarget dan foar mear wurkgelegenheid. It âlde sintrum siet al sûnt 1997 op It Hearrenfean en wie it earste distribúsjesintrum fan Lidl yn Nederlân.
It âlde gebou foldie net mear oan de duorsume easken fan no. It nije gebou is neffens it bedriuw it meast duorsume distribúsjesintrum fan it lân.