Fuotgonger oanriden
Op de Westersingel yn Noardburgum is freedtemoarn in fuotgonger fan 54 út dat doarp oanriden troch in automobilist. De bestjoerster, in frou fan 38 út Bûtenpost, moast útwike foar in tsjinlizzer. Se bedarre dêrtroch heal yn 'e berm en rekke de fuotgonger. De man moast mei ferwûnings oan 'e holle per ambulânse oerbrocht wurde nei it sikehûs yn Ljouwert.