Harnzer oanhâlden
Yn Harns is freedtemiddei in man fan 27 út dat plak oanhâlden. De Harnzer moast noch in selstraf fan 20 dagen útsitte. Surveillearjende aginten seagen de man en wisten dat er noch in selstraf útstean hie. Se brochten him nei it buro, en fan dêr út giet er nei de finzenis.