Omset kleanwinkels rint tebek

12 jun 2013 - 12:37

De omset fan in soad kleanwinkels is yn de earste moannen fan dit jier mei hast tsien persint ôfnaam, sa docht bliken út ûndersyk. Neist de minne maaitiid hat dit ek te krijen mei it tanimmend tal útferkeapen en koartingsaksjes fan moadewinkels. Hast 40 persint fan de konsuminten wachtet de útferkeap ôf.

En ferkeap mei lege prizen soarget foar in wiere prize-oarloch én legere omsetten foar de detaillist.

Trefwurden: 
omset kleanwinkel útferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)