Drachten: net mear winkels

12 jun 2013 - 11:14

Oan de Stasjonswei yn Drachten wurdt neist it besteande winkelsintrum Noarderpoart net noch in nij winkelkompleks boud. In grutte mearderheid yn de ried fan Smellingerlân hat tiisdeitejûn tsjin in útstel foar de bou op it eardere busstasjonterrein stimd. De measte riedsfraksjes binne benaud foar leechstân, om't der yn it sintrum ek al nije winkelromte boud wurdt.

Dêrneist soe it winkelgebiet in te grutte konkurrint wurde kinne foar de winkellju yn it sintrum fan Drachten.

Supermerkketen Jumbo woe graach romte hiere yn it nije winkelkompleks, mar dat giet no oer. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sil sjen nei oare mooglikheden foar it âlde stasjonsterrein. In opknapbeurt komt der foarearst net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)