Steaten kritysk oer SNN-stipe

12 jun 2013 - 09:51

Fryske steateleden wolle better ynformearre wurde oer de resultaten dy't mei miljoenesubsydzjes helle wurde mei projekten yn de noardlike kennisekonomy. Dat die tiisdeitejûn bliken by de presintaasje fan in ûndersyksrapport fan de Noardlike Rekkenkeamer oer njoggen wittenskiplike projekten yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

De konklúzje is dat der te min sjoen wurdt nei de behelle resultaten en nei wêr't it jild krekt oan útjûn is. Ek wurdt de ferwachte banegroei yn de kennisekonomy lang net helle.

Wetterynstitút Wetsus is ien fan de projekten dy't mei help fan noardlike subsydzjes fundamintele wetterûndersiken docht. Ek dit ynstitút kin net alle doelstellings helje, al skoart it yn fergelyk mei oare ûndersykssektoren bêst goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)