Jeugdorkesten ferdwine

It Fries Jeugd Harmonie Orkest en de Friese Jeugd Brassband hâlde op te bestean. Kultuerynstelling Keunstwurk wol fan takom seizoen ôf úteinsette mei projekten foar jongeren. De animo foar de jeugdorkesten rûn al in skoft werom. Neffens Keunstwurk hawwe muzikale jongeren it te drok om harren te binen oan in orkest.
De nije projektorkesten krije alle seizoenen in nije besetting. Jongeren moatte der audysje foar dwaan of wurde skout. De leden fan de Friese Jeugd Brassband en it Fries Jeugd Harmonie Orkest kinne gelyk meidwaan.
Sy hoege net earst audysje te dwaan.