Fergoeding Frysk wat omheech

© ANP
Alle Fryske basisskoallen krije dit skoaljier mear jild foar it keapjen fan lesmateriaal foar it fak Frysk. Earder wie de fergoeding 5 euro 77 de learling, it bedrach is no ferhege nei 6 euro 15. Nij is dat de regeling no ek foar learlingen yn groep 1 en 2 jildt. De ferheging fan de bydrage hat te krijen mei de nije bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer.
De subsydzje mei allinnich brûkt wurde foar de oanskaf fan lesmateriaal. Sa út en troch sil de provinsje kontrolearje oft de basisskoallen har der oan hâlde.