Dantumadiel foar fúzje

De gemeenteried fan Dantumadiel hat tiisdeitejûn praat oer in amtlike fúzje mei Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Dat betsjut dat it bedriuw fan de gemeenten en de amtners mei-inoar ien gemeentlike organisaasje foarmje sille.
In mearderheid yn de ried liket foar de plannen en sjocht de amtlike fúzje as earste stap nei in bestjoerlike fúzje. Dêrby soe ek sjoen wurde moatte nei Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Op 25 juny falt it definitive beslút.