Fûle brân Ravenswâld

12 jun 2013 - 06:32

By in grutte brân oan de Master Lokstrjitte yn Ravenswâld is tiisdeitejûn in pleats sawat folslein útbaarnd. De pleats hie in reiden tek en koe dêrom troch de brânwacht net mear rêden wurde. De flammen wiene sa fûl dat se oant Appelskea en Easterwâlde te sjen wiene.

Op it terrein is yn bygebouwen ek in dierepensjon festige. Mar de ferbliuwen foar de bisten koene sparre wurde, foaral fanwege de geunstige wynrjochting. De brânwacht koe noch net sizze hoe 't de brân ûntstien is. Der is net ien ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)