Gjin yllegale steatsstipe

11 jun 2013 - 22:14

By de oankeap fan grûn foar grutte projekten as de Sintrale As en de Heak om Ljouwert hat gjin sprake west fan yllegale steatsstipe troch de provinsje Fryslân. Dat konkludearret de provinsje op basis fan yngreven ûndersyk troch saakkundigen en de lânsabbekaat. Om ek it gebiet om nije diken hinne te ûntwikkeljen is der mear grûn oankocht as dat nedich wie. De noardlike rekkenkeamer wiisde de provinsje der op, dat dit mooglik as steatsstipe sjoen wurde kin.

Saakkundigen dy't opnij nei de kwesje sjoen hawwe, sizze dat dizze wurkwize tastien is, en der sadwaande gjin sprake west hat fan yllegale steatsstipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)