Taptoe Ljouwert wurdt nij

11 jun 2013 - 22:05

De Taptoe Ljouwert wol fernije. Dit jier bestiet de Taptoe 40 jier en it doel is jonge minsken oan te lûken. It jierlikse showkorpsevenemint moat in spektakel oer trije dagen wurde mei, njonken muzyk, dûns, sang en teater. Der sille clinics en kongressen holden wurde. Der wurdt gearwurke mei ferienings, skoallen en organisaasjes as Keunstwurk. Tiisdeitejûn binne de plannen presintearre.

De Taptoe Ljouwert is alle jierren yn it earste wykein fan oktober. De nije opset sil yn 2014 losgean.

(advertinsje)