Undersyk Drachten noch dwaande

11 jun 2013 - 17:15

Der wurdt noch oant freed ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ynstoarten fan in gevel fan de Noorderpoort yn Drachten. Dan komt de konstrukteur, dy't it ûndersyk docht, mei in definityf oardiel oer wat der ferkeard gien is by de bou fan it appartemintekompleks en winkelsintrum. Dêrnei sil de behearder fan it gebou, Hoekstra vastgoedbeheer, mei de gemeente Smellingerlân en de oannimmer yn petear oer in plan fan herstel foar it gebou.

Letter komt ek de fraach foar de oanspraaklikheid foar it ynstoarten fan de gevel oan de oarder.

Op dit stuit wurdt it gebou net allinnich oan de kant fan de ynstoarte gevel mei stimpels stut. Om gjin inkeld risiko te nimmen wurdt ek oan de oare kant fan it gebou, dêr't krekt sa'n konstruksje sit, de gevel ûnderstimpele. Sneon 8 juny stoarte de gevel fan it winkelsintrum nei ûnderen. Der binne doe gjin slachtoffers fallen.

Trefwurden: 
ûndersyk gevel Noorderpoort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)