Eksamenútslach VMBO útsteld

VMBO-learlingen dy't it eksamen ekonomy makke ha, krije net earder as tongersdei de útslach fan harren eineksamen. De útslach wurdt in dei útsteld fanwege it ûndersyk nei fraude mei eksamens yn Rotterdam.
Op lokaasje Esdoorn fan it Comenius krije se it nijs tiisdei oan 'e ein fan 'e middei offisjeel te hearren. 76 learlingen op dizze skoalle hawwe ekonomy yn it pakket. Dat is sawat trijekwart fan alle learlingen dy 't eineksamen dogge. De skoalle hat dêrom besletten de einútslach foar alle bern nei tongersdei te ferskowen.