'Zoetermeer hat status nedich'

11 jun 2013 - 16:03

De bou fan de iisbaan yn Zoetermeer is lykas dy fan Almere foar de finansiering folslein ôfhinklik fan de tawizing fan de topsportstatus. Sûnder dy status moatte de ambysjes flink nei ûnderen bysteld wurde. Dat seit Frank Heijerman fan boubedriuw DuraVermeer en inisjatyfnimmer fan TranSportium, it iishalprojekt yn Zoetermeer.

Zoetermeer is nei it ferskowen fan de deadline foar de gunning troch KNSB en NOC*NSF lykas Thialf wer yn de race foar de bou fan de iisbaan mei de topsportstatus.

Heijerman tinkt wol dat Thialf nei de tawizing fan 50 miljoen euro troch de provinsje Fryslân flugger mei de bou úteinsette kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)