Ljouwert leech by Geen Stijl

13 jan 2012 - 15:37

Ljouwert heart neffens de besikers fan de site fan Geen Stijl net ta de "meest heersende" provinsjehaadstêden. Op de poll dy't freed op de site yn te foljen is, wurdt frege hokker haadstêd it meast oantreklik is.

Fan de tolve stêden stiet Ljouwert op it njoggende plak. Allinnich Assen, Lelystêd en Middelburch skoare noch minder. De stêd Grins komt by de Geen Stijl-poll it bêste út de bus.

Trefwurden: 
Ljouwert assen Grins GeenStijl
(advertinsje)