Nij akwadukt fan 17 meter djip

11 jun 2013 - 14:58

It djipste punt fan it nije akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert is berikt. Op mar leafst 17 meter djipte wurdt no wurke oan de flier fan de wetterkelder. Dat is de kelder dy't ûnder de ferkearsrydbaan komt fan it akwadukt yn de tagongsdyk fan de nije Heak om Ljouwert nei de binnenstêd.

De betonnen flier is ferankere en wurdt no skjinspuite, want der leit noch in soad slyk op. Der is mei-inoar 14.000 ton wetter fuortpompt. De oanlis leit op skema en is yn desimber takom jier dien.

(advertinsje)