Therapy? headliner fan Freeze

De Noard-Ierske band Therapy?
De Noard-Ierske band Therapy? is de headliner op it Freeze-festival, dat op 28 septimber yn de Ljouwerter stedsskouboarch De Harmonie hâlden wurdt. Dat hat de organisaasje tiisdei bekend makke.
Op Freeze spylje fierder meast Fryske bands, mei-inoar wol sa'n fjirtich. Dêrby is ûnder oare de winner fan de Kleine Prijs van Friesland, de Ljouwerter band Sväva.