Spoed 4 Jeugd foldocht goed

De helpferliening foar jongerein Spoed 4(for)Jeugd, dy't ein ferline jier oprjochte waard, is in sukses. Oer de earste trije moannen waard yn 113 gefallen spoedeaskjende help ferliend. Spoed 4 Jeugd is in gearwurkingsferbân tusken Bureau Jeugdzorg Friesland, Jeugdhulp Friesland, Kinnik Kind en jeugd GGZ en Tjallingahiem.
It is in nij provinsjaal meldpunt, dêr't bern, âlden mar ek skoallen, húsdokters en sels de plysje terjochte kinne as in jongere oant 18 jier mei spoed help nedich hat.