Icedôme-deadline rint ôf

Untwerp fan Icedôme
It ultimatum dat it konsortsium fan 'e Icedôme-plannen yn Almere steld hat oan KNSB en NOC*NSF is tiisdei om 12 oere ferrûn. Net ien partij wol hjir kommentaar op jaan. Tiisdeitejûn komme it reedridersbûn en de sportkoepel mei de inisjatyfnimmers fan de iisbaanplannen yn Almere, Zoetermeer en Thialf by inoar om te praten oer hoe no fierder.
Inisjatyfnimmer Folkert Buiter fan de Icedôme yn Almere hat earder sein dat er in koart pleit tsjin de KNSB en NOC*NSF oanspanne sil, as Almere net gelyk de topsportstatus krijt.
Hy wol dat it advys fan de beoardielingskommisje fan KNSB en NOC*NSF oernommen wurdt. De wurdfierder fan de KNSB hat sein dat tiisdeitejûn of oars uterlik woansdeitemoarn mear bekend makke wurdt. Sa't it no leit moatte partijen foar 15 july har finansjele ûnderbouwing oanleverje, wêrnei't op syn lêst op 8 augustus bekend wurdt hokker fan de trije plannen de striid om de topsportstatus wint.