Raerd: man rydt 50 km te hurd
In 42-jierrige automobilist fan Ysbrechtum moast moandeitejûn syn rydbewiis ynleverje. Op de Snitserdyk by Raerd ried de man 130 kilometer de oere, wylst 80 km de oere dêr it maksimum is.
De plysje sette de bestjoerder oan de kant en naam syn rydbewiis yn. Ek krige de man proses-ferbaal.