Gjin dispensaasje foar Herder

13 jan 2012 - 14:08

Harkemase Boys-trainer Robert Herder hat fan it KNVB gjin dispensaasje krigen om de twadde seizoenshelte trainer te wêzen fan de iennige Fryske topklasser. Herder is net yn it besit fan it diploma oefenmaster 1, wat needsaaklik is om in topklasser te trainen.

Harkemase Boys hat fan it fuotbalbûn tastimming krigen om oant en mei 10 febrewaris gebrûk te meitsjen fan Robert Herder. Dêrnei moat de klup op syk nei in oare trainer.

By de wedstriid om de noardlike distriksbeker tsjin Achilles 1894 fan takom sneon en de earste twa kompetysjewedstriden nei de winterstop tsjin Excelsior '31 en Spakenburg sit Robert Herder noch op de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)