Lieuwe Westra net yn ZLM Toer

Lieuwe Westra © ANP
Lieuwe Westra begjint woansdei net oan de Ster ZLM Toer. De hurdfytser fan De Tynje is noch net hersteld fan de falpartij yn de twadde etappe fan it Critérium du Dauphiné fan ôfrûne wike. Troch dy fal hat er yn trije ribben in skuorke, in sear skouder en earmtakke en in iepen knibbel.
Mei de rittekoers troch Nederlân en België woe Westra ritme opdwaan foar it Nederlânsk kampioenskip tiidriden fan woansdei 19 juny yn Winsum Grinslân. Hy moat dêr syn titel ferdigenje.