Provinsje betellet bus MBO-ers

Bus Ljouwert © Omrop Fryslân
De provinsje moat de reiskosten fan 16- en 17-jierrige MBO-studinten betelje. Dat fynt de steatefraksje fan Friese Koers. Minderjierrige MBO-studinten krije gjin OV-kaart om fergees mei te reizgjen lykas studinten fan 18 jier. Friese Koers fynt dat ûnrjochtfeardich. Neffens de partij binne de reiskosten foar guon âlders net op te bringen en kin de provinsje dêr in rol yn spylje.
De provinsje Limburch hat al in regeling foar de reiskosten fan 16- en 17-jierrige MBO-studinten. Friese Koers wol witte oft de provinsje dat ek wol.