Auto stellen nei proefrit

Plysje-embleem © ANP
In 35-jierrige Ljouwerter en in man fan 37 jier út Frjentsjer binne sneintemiddei oanholden foar it stellen fan in auto. De twa hiene in proefrit makke, mar de auto net werombrocht by de eigener yn De Falom. Dy warskôge de plysje. Dy seach de auto riden yn de buert fan Stiens. Op de Boskrâne yn it doarp krige de bestjoerder in stopteken. Hy en syn maat waarden oppakt en nei it buro brocht.
De Ljouwerter mocht nei hûs neidat er in ferklearring ôflein hie. De man út Frjentsjer waard fêstsetten op it buro.