Undersyk nei ynstoarte gevel

10 jun 2013 - 12:47

It ûndersyk nei de oarsaak fan it ynstoarten fan in stik gevel fan appartemintekompleks en winkelsintrum Noorderpoort yn Drachten giet moandei wer gewoan fierder. In konstrukteur en boukundige technisy ha de konstruksje besjoen. Sy fine dat de minsken der feilich wenje kinne oant de reparaasje.

Sneon foel in stik muorre fan sa'n tsien by tsien meter nei ûnderen. Net ien rekke ferwûne. Der siet al langer in skuor yn de gevel. Der moat besjoen wurde wa't oanspraaklik is foar de skea troch de ynstoarten gevel.

Trefwurden: 
Drachten gevel Noorderpoort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)