Flylân: KNRM wol frijwilligers
De KNRM siket nije frijwilligers foar Flylân. Dy moatte benammen yn de fakânsjeperioades byspringe.
Op it eilân hat de KNRM no 22 frijwilligers. Yn de simmermoannen is dat eins krekt wat te min. In soad binne dan op fakânsje en net mear op it eilân. Dêrom moat der ekstra fersterking komme.