Fryslân wol Special Olympics

© Rachelle Cornelissen-Wenting
Fryslân hat him offisjeel kandidaat steld om yn 2014 de Special Olympics foar minsken mei in ferstanlike hendikep te organisearjen. In inisjatyfgroep ûnder lieding fan Sport Fryslân hat dêr in oanfraach foar yntsjinne. Yn dat saneamde 'bid' stiet omskreaun wat Fryslân te bieden hat. It Hearrenfean en Snits binne de twa plakken dêr't de dielnimmers sporte kinne. Der komt ek in Olympysk doarp mei in duorsum karakter.
By it evenemint wurde tûzenen sporters, begelieders en taskôgers ferwachte. Begjin juny wurdt bekend oft Fryslân de Special Olympics tawiisd krijt.