Afûk komt mei nij beliedsplan

De Afûk stribbet der ek de kommende jierren nei om it Frysk tichtby de minsken te bringen. Dat stiet yn it beliedsplan fan no oant en mei 2016 dat tongersdei útrikt is oan deputearre Jannewietske de Vries.
De AFUK wol trochgean mei de kampanje Praat mar Frysk en ek stimulearje dat de jongerein mear Frysk brûkt. Om alle taken goed útfiere te kinnen wol de AFUK graach ôfspraken mei de provinsje meitsje foar de langere termyn, want de organisaasje is no neffens direkteur Eekma te bot ôfhinklik fan tydlike sudydzjes.