Wurk kademuorre stillein

It wurk oan de kademuorre fan de Hearresleat op It Hearrenfean is stillein. It ynbringen fan de ankers fan de daamwand trille sa bot dat it gefaar oplevere foar de huzen op de kade. De oannimmer wie der op tiid by en sa is foarkommen dat der skea oan de huzen ûntstien is. De kade leit der al langer as hûndert jier en is gemeentlik monumint.
De stiennen kade is boud op houten peallen en dy binne begongen te rotsjen. Der moat in nij fûnemint ûnder. It wurk soe yn maaie klear wêze, mar dat slagget net.
Der wurdt no nei in oare wize fan triljen of boarjen socht, seit projektlieder Mart Lenis. It projekt is begrutte op 4 miljoen euro. De ekstra kosten binne foar rekken fan de oannimmer.