Minima-abo's bliuwe mooglik

Boeken biblioteek © ANP XTRA
Yn twa fan de acht gemeenten yn Noardwest-Fryslân bliuwt de meidwaanregeling foar minsken mei in útkearing mooglik bestean. De gemeenten wolle besjen wat mooglik is. Mei de regeling kinne minima in fergoeding krije foar bygelyks in abonnemint foar swimbad of biblioteek of foar in lidmaatskip fan in sportklup.
De tsjinst sosjale saken yn Noardwest-Fryslân hat de regeling mei yngong fan dit jier ôfskaft. De kliïnteried is it dêr net mei iens en giet by alle gemeenterieden del om de besuniging fan tafel te krijen.
Mooglik sille mear gemeenten besjen wolle oft de regeling bliuwe kin.