Ferkearsbrigadierke oanriden

12 jan 2012 - 15:23

In 12-jierrige learlinge fan basisskoalle De Reinbôge yn Burgum is tongersdeitemoarn oanriden troch in noch ûnbekende automobiliste. It famke wie oan it wurk as ferkearsbrigadier. By in spesjaal oerstekplak waard se oanriden troch in frou yn in blauwe auto, nettsjinsteande it opfallende hesje en it boerd dat se as brigadier by har hie.

De automobiliste stapte earst út, mar ried dêrnei troch. De plysje siket de frou no. It famke is mei ûnbekende ferwunings nei de húsdokter brocht. Oare learlingen koene noch krekt op 'e tiid oan de kant springe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)