Fjoerpylkmûs yn museum

12 jan 2012 - 12:52

De bekendste mûs fan Fryslân is fan tongersdei ôf te sjen yn it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Mei âld en nij waard de mûs troch twa manlju oan in fjoerpylk de loft ynsketten. Dat oerlibbe it bistje, mar freed gie er dochs noch dea.

De mûs is no preparearre en opset. Hy is foar belangstellenden te sjen yn it natuermuseum. Dat sil it mûske benammen brûke om minsken derop attint te meitsjen hoe't se net mei bisten omgean moatte, seit museumdirekteur Gerk Koopmans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)